AA | Grafies
Nederlands | Frysk | English

Hûze-ûndersyk Ljouwerteradiel

Yn 1985 hat it gemeentebestjoer fan Ljouwerteradiel besletten om harren âld argyf oant sa wat 1920 ta oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert yn bewar te jaan. It restearjende diel fan it sikretary-argyf fan 1920 oant 1944 is foar in part oerbrocht ynsafieren dat te krijen hat mei de tsjintwurdige gemeente Ljouwert, mei oare wurden it ’Sudertrimdiel’. De ôfrûne 12 jier is benammen troch minsken dy’t genealogysk ynteressearre binne, tankber gebrûk makke fan benammen de (ûnderwilens fermikrofilme) registers fan de boargelike stân en it befolkingsregister. Mar dy boarnen meitsje mar in fraksje út fan it folsleine deponearre argyf fan de gemeente Ljouwerteradiel. De rest bliuwt al sûnt lange tiid lizzen, sûnder dat dêr gebrûk fan makke wurdt. Mooglik foarmje de ûnbekendens en de behyplike tangonklikens fan it argyfmateriaal de wichtichste redenen foar it massaal fuort bliuwen fan de Ljouwerteradielsters. It kin dochs net sa wêze dat fan de rom 10.000 ynwenners fan Ljouwerteradiel der sa wat gjinien ynteresse hat foar de skiednis fan it eigen wenplak, wenning, buorkery of bedriuw? It yn it libben roppen fan in dokumintaasjestifting bewiist wol it tsjinoerstelde!

In tal jierren lyn is - nei oerlis mei de dokumintaasjestifting - in begjin makke mei it yn kaart bringen fan de bebouwingsskiednis fan Stiens. Yn prinsipe is it mooglik om mei help fan boarnen út it Ald Rjochterlik Argyf werom te gean oant begjin sântjinde ieu en yn inkelde útsûnderingsgefallen oant fier yn de sechtjinde ieu. Mar om it gehiel dochs wat oersichtlik te hâlden hat men harren foarearst beheind ta de njoggentjinde ieu en tweintichste ieu. Mei help fan in kompjûter mei databaseprogramma, kadastrale argiven, folkstellingen en befolkingsregisters tsjinnen de ferskate omnûmeringen fan huzen dy’t sûnt 1808 plakfûn ha rekonstruearre te wurden, om op dy wize in tagong te meitsjen op hûsnûmering yn de reëlkohieren(1719-1796). Dat binne registers, dêr’t de belêstingheffing op de werklike hierwearde fan perselen yn registrearre waarden. Mei help fan it ynfieren fan in seistal peiljierren (1808, 1850, 1880, 1891, 1908, 1939) moat op den doer in ramt fan opienfolgjende fernûmeringen ûntstean, oanfolle mei de kadastrale nûmering út 1832, sa ek de eigners en bewenners yn de betreffende jierren. As dat ien kear klear is, dan soene eventueel de eigners en bewenners yn de tuskenlizzende jierren tafoege wurde. By twivel binne der in tal boarnen foar it gripen om lakunes op te foljen lykas ferskate njoggentjinde-ieuwske belêstingregisters, listen fan ûnderhâldsplichtigen Stienserfeart, milysjeregisters, folkstellingen 1811, 1815, 1826 ensfh. Nei dy drege put soene eventueel de gegevens út de reël- en spesiekohieren, sa ek de proklamearre ferkeapings (1613-1811) tafoege wurde kinne. Ek ynboel-ynventarissen dy’t weromgean oant yn de sechtjinde ieu ta, meitsje faak melding fan ûnreplikguodbesit en binne dêrom fan nut om yn in ferfolchtrajekt te belûken.

As yllustraasje fan wat der mei it oanwêzige boarnemateriaal mooglik is, hat der yn it ferline ûndersyk west nei de skiednis fan it eardere logement ’Het Lands Welvaren’, op de hoeke fan de Langebuorren en de Pyter Jellessingel - it tsjintwurdige Sint Vitushûs. Foar it skreaune boarnemateriaal is doetiids ynformaasje helle út it argyf fan it Ritske Boelema Gasthûs(1505-1983), it Ald Administratyf Argyf (1511-1811) en it Sekretary-argyf (1811-1920) fan Ljouwerteradiel, dy’t allegearre oanwêzich binne by it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Dêrnjonken is der gebrûk makke fan it Notarieel Argyf en it Argyf fan it Nedergerjocht fan Ljouwerteradiel, beiden oanwêzich op it Ryksargyf yn de provinsje Fryslân. Fan it Nedergerjochtargyf binne mikrofysjes oanwêzich op de stúdzjeseal fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Om in yndikaasje te jaan fan it grutte ferskaat oan boarnemateriaal wêr’t út helle wurde kin, folget hjirûnder in oersjoch hokfoar spesifike boarnen foar it hjirfoar oanhelle ûndersyk brûkt binne:

Notarieel Argyf




Argyf Nedergerjocht Ljouwerteradiel:


  • Weesboek 1643-1647, fol. 37, d.d. jannewaris 1643, boel-ynventaris mr. kuiper Jacob Johannis. (Ynv.nr. 92)
  • Proklamaasjeboek 1628-1645, d.d. 3 febrewaris 1644, keapers: Jan Reijners, mr. kuiper, en Barbar Aertsdr., e.l.; ferkeapers: Sioerdt Hettes, mr. timmerman, en Barber Jacobsdr., e.l. (Ynv.nr. 142)
  • Proklamaasjeboek 1645-1659, d.d. 7 desimber 1649, keapers Jelle Ates, mr. kuiper, c.u.; ferkeapers Jan Reijners, mr. kuiper, c.u. (Ynv.nr. 143)
  • Sintinsjeboek 1663-1684, dekretale ferkeaping Nedergerjocht Ljouwerteradiel d.d. 23 desimber 1665; keaper: Cornelis Jans, gortmakker; ferkeapers: erven wijlen mr. kuiper Jelle Ates. (Ynv.nr. 62)
  • Proklamaasjeboek 1696-1710, d.d. 7 maaie 1698; keapers: Bote Wijtses, mr. kuiper, en Imk IJpes, e.l.; ferkeaper: Jan Jacobs, gortmakker; niaernemer ratione sanguinis: Jacob Jans Tichelaar, mr. brouwer te Makkum. (Ynv.nr. 147)
  • Proklamaasjeboek 1696-1710, d.d. 4 febrwaris 1699; keaper: Doede Michels Folckema; ferkeaper: Jacob Jans Tichelaar, mr. brouwer te Makkum; bewenner: Jan Jacobs. (Ynv.nr. 147)
  • Proklamaasjeboek 1696-1710, d.d. 16 febrewaris 1704; keaper part fan steech ten suden: Ruierd Tiaards c.u.; ferkeaper: Doede Michels (Ynv.nr. 147)
  • Hypotheekboeken t.b.f. ferskate keapakten dy’t troch ferkeapers foar registraasje oanbean waarden de proklamaasjeboeken yn 1613 oanlein waarden; dêrnjonken fûnen der yn de twadde helte fan de sechtjinde ieu yn de resesboeken (ynv. 12-18) ek proklamaasjes plak fan de (foarnommen) oerdracht fan ûnreplik guod. (Ynv. nrs. 169-173)

 

(Ald) Administratyf Argyf gemeente Ljouwerteradiel:


  • Kohieren der reëele goedschattingen van vastigheden en andere dienstdoende effecten, 1690-1693; 1695-1698; 1737; 1739-1753; 1755-1796. (Inv.nr. D-11-16)
  • Idem, 1719; 1722-1724. (Inv.nr. D-1a)
  • Kohieren der 4 speciën, 1798-1805. (Inv.nr. D-101-8)
  • Kohieren der 5 speciën, 1748-1797. (Inv.nr. D-101-8)
  • Register der extraordinaire belasting op de huren der vastigheden, 1797-1805. (Inv.nr. D-121-3)
  • Register der extraordinaire belasting op de huren der vastigheden, welk voor 4 mei 1720 aan enige corporatiën zijn eigen geweest, 1798-1805. (Inv.nr. D-13)
  • Registers van de niewe huisnumers, de eigenaars en de huurders in de diverse dorpen, c.1808. (Inv.nr. D-14a)
  • Rôles de la contribution foncière des propriétés baties et de celles des portes et fenêtres de Huizum, 1812-1813, Jelsum, 1814, Stiens, 1812-1813 et de Wirdum, 1813. (Inv.nr. D-351-6)
  • Register van deuren en vensters in Leeuwarderadeel, 1810. (Inv.nr. D-49)
  • Patentregisters Leeuwarderadeel, 1807-1811. (Inv.nr. D-521-4)
  • Patentregisters Leeuwarderadeel, 1878/79-1893/94. (Inv.nr. D-55a1-3)
  • Listes des habitants, qui ont droit à être inscripts sur le registre civique de l’Arrondissement Leeuwarden, 1811. (Inv.nr. F-21-2)
  • Registers van volkstellingen in de Mairies van Huizum, Jelsum, Stiens en Wirdum. (Inv.nr. F-10)
  • Registers van de volkstelling in 1829. (Inv.nr. F-111-14)
  • Idem, 1839. (Inv.nr. F-11a1-14)
  • Lijsten van de ingezetenen van Leeuwarderadeel, 1826, 1829, 1834-1848. (Inv.nr. F-181-2)
  • Woningregister per dorp op huisno., c.1906 (alleen gezinshoofden). (Inv.nr. F-25e)
  • Registers van vergunningsbesluiten tot verkoop van sterke drank in het klein, 1881-c.1906. (Inv.nr. I-11-5)
  • Register van verleende vergunningen tot verkoop van sterke drank in het klein, 1882-1917. (Inv.nr. I-2)
  • Register van localiteiten waarin op 1 mei 1881 zonder strijd met wet of verordening sterke drank wordt verkocht. (Stamboek A),. 1881. (Inv.nr. I-3a)
  • Staten van de tappers, die vergunning hebben aangevraagd tot verkoop van sterke drank, 1882-1888. (Inv.nr. I-4)
  • Staten van tappers aan wie vergunning is verleend, 1882-1884. (Inv.nr. I-5)
  • Naamlijst van tappers in Leeuwarderadeel, z.d. (Inv.nr. I-6)
  • Diverse stukken, waaronder vergunningen voor verkoop van sterke drank in het klein, c.1904-1918. (Inv.nr. I-11)
  • Oorspronkelijk aanwijzende tafels der grondeigenaren en der ongebouwde en gebouwde vaste eigendommen der kadastrale gemeenten Huizum, Hijum, Jelsum en Wirdum, 1832. (Inv.nr. K-41-4)
  • Suppletoir aanwijzende tafels enz., lopende tot 1858 en van 1860-c.1910. (Inv.nr. K-51-12)
  • Registers van aangiften tot bekoming van tijdelijken vrijdom en verhoging van grondbelasting der kadastrale gemeenten Huizum, Hijum, Jelsum en Wirdum, 1843-1870. (Inv.nr. K-10)
  • Kadastrale leggers Hijum, 1835-c.1869. (Inv.nr. K-29III1-20)
  • Concept-processen verbaal, getuigenverhoren wegens gepleegde overtredingen voor de Grietman enz., 1838-1882. (Inv.nr. P-20)
  • Inschrijvingsregisters voor de Nationale Militie, 1813-1915. (Inv.nr. U-121-109)
  • Alfabetische naamlijsten van de ingeschrevenen der Nationale Militie, 1815-1913. (Inv.nr. U-12a1-105)
  • Register van manspersonen van 20 tot 60 jaren oud, 1812. (Inv.nr. X-2)
  • Inschrijvingsregister van personen van 18 tot 51 jaren oud voor de rustende schutterij, 1815. (Inv.nr. X-3)
  • Stukken betreffende het onderhoud van vaarten, bruggen, pijpen, sloten, enz.; Britsum en Stiens. (Inv.nr. Y-14)
    a. Slattingsstukken, 1605, 1612, 1619, 1639, 1644, 1657, 1679, 1705, 1726, 1751, 1764, 1777, 1784, 1801, 1819, 1833, 1845, 1850, 1899.
    b. Stukken betreffende het gewoon onderhoud, 1855-1860, 1861-1865.
  • Omnummeringsregister (straatnaamgeving) c.1945. (Geen inv.nr.)

 

Stedsbibleteek


  • Algemeen Adresboek van de Provincie Friesland, 1928. (Cat.nr. E-174)
  • Register van den Aanbreng van 1511. (Cat.nr. C-1298)
  • Leeuwarderadeels Aenbrengh van 1540. (Cat.nr. C-2038)
  • Adminstrative en Fiskale Boarnen oangeande Fryslân yn de Ier-Moderne Tiid (waarin o.a. opgenomen het Register van de Personele Impositie van Leeuwarderadeel uit 1578). (Cat.nr. C-2257)
  • Beneficiaalboeken van Friesland (1543). (Cat.nr. K-31)
  • Register van Geestelijke Opkomsten van Oostergo (1580-1581). (Cat.nr. B-400)
  • Friese testamenten tot 1550. (Cat.nr. D-1025)

 

Argyf Ritske Boelema Gasthûs:


  • Staat van de vaste inkomsten het uitgaven van het Gilde, 1578. Met aanvullingen, 1579, in twee exemplaren, in één waarvan in 1586 enkele gegevens bijgeschreven zijn, en een fragment van een concept. (Inv.nr. 45b)
  • Kaarten van de onroerende eigendommen van het Gilde, 1658-1674. (Inv.nr. 46)
  • Rekeningen 1537-1794. (Inv.nrs. 57-66)
  • Akten van verhuur van Boelema-State, 1579-1888. (Inv.nr. 250)
  • Akte van overdracht van de rechten van Folkert Renses als huurder van Boelema-State door zijn erfgenamen aan Jan Pytters en Syse Bernsz., 1650. (Inv.nr. 252)
  • Akte van overdracht van de rechten van Sytse Berns als huurder van Boelema-State door zijn erfgenamen aan Botte Jansz. en Jancke Willems, echtelieden, 1670. (Inv.nr. 253)
  • Staat van achterstallige grondrenten uit onroerende goederen te Leeuwarden en Stiens, c.1732. Met notities over de betaling, 1733-1737. (Inv.nr. 323)
  • Staat van de door Ritske Boelema aan het Gilde nagelaten onroerende goederen, 1549. (Inv.nr. 344)

s

 



STREEKRJOCHT NEI: