Undersykshânliedings

Minder betûfte ûndersikers kinne op tongersdeitejûn ekstra help krije. Der binne dan frijwillige konsulinten op ’e lêsseal oanwêzich om harren te stypjen by harren stambeam- of huzenûndersyk.

 

1. Huzenûndersyk

 

Undersyk nei de (bewennings)skiednis fan huzen stiet op it stuit tige yn ’e belangstelling. It Histoarysk Sintrum hat twa hânliedings, dy’t it ûndersyk nei de skiednis fan in hûs yn de gemeenten Ljouwert en Ljouwerteradiel foar jo ferienfâldigje kinne.

  • Hânlieding huzenûndersyk Ljouwert
    Dizze hânlieding hat te krijen mei Ljouwert en jout in oersjoch fan in soad by it HSL oanwêzige boarnen dy’t jo brûke kinne by in ûndersyk nei de bewennings- en eigendomsskiednis fan (âlde) pânen yn de stêd.

  • Hânlieding huzenûndersyk Ljouwerteradiel
    Dizze hânlieding jout in oersjoch fan boarnen dy’t brûkt wurde kinne foar huzenûndersyk yn de gemeente Ljouwerteradiel. Dy hânlieding is fuortkommen út in ûndersyk nei de (bewennings)skiednis fan in hûs yn Stiens. De ûndersiker moat der rekken mei hâlde dat it oersjoch mooglik net folslein is. Yn it ferline ha der meardere (kadastrale) omnûmerings fan perselen yn de gemeente Ljouwerteradiel plakfûn. Leden fan de Documentatiestichting Leeuwarderadeel besykje, yn gearwurking mei it HSL, dy omnûmerings yn kaart te bringen.

2. Genealogysk en biografysk undersyk


Brûk foar eltse gemeente dizze hânliedingen om as paadwizer te tsjinjen foar genealogysk en biografysk ûndersyk.

AGINDA