Doarpskuiers Jier fan’e Pleats út ein set yn Lekkum
It like striemin waar te wurden, mar it foel in slach ta, op woansdeitejûn 14 maaie. It bleau droech en sa út en troch wie it blau te sjen yn ’e berûne loft. Fan it doarpshûs De Weeme yn Lekkum ôf, waard út ein set mei de earste yn in rige doarpskuiers yn it ramt fan it Jier fan ’e Pleats.
Jan Calsbeek en syn omkesizzer Lieuwe wienen de saakkundige en smoute fertellers dy’t in groep fan mear as tritich minsken troch de omjouwing fan Lekkum en Snakkerbuorren rûnlaten. De dielnimmers hearden in protte oer sawol de skiednis as de natoer fan dizze omkriten. De kuier troch Lekkum en Snakkerbuorren, dy’t likernôch twa oeren duorre, sil nei de simmerfakânsje nochris werhelle wurde.
De doarpskuiers ferskine yn de rin fan 2003 ek yn de foarm fan trije brosjueres.

Werom
