Taalbelied
Ljouwert is de haadstêd en de wichtichste stêd fan de iennichste twatalige regio fan Nederlân. It Histoarysk Sintrum Ljouwert is sûnt 2001 offisjeel in twatalige ynstelling, dy’t nei in folslein lykwurdich plak fan de twa rykstalen stribbet, it Frysk en it Nederlânsk. It mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk wurdt stipe en stimulearre.
Wêrom’t wy twatalich binne
It HSL hantearret dit taalbelied om twa redenen: in wichtich part fan ús besikers en fan ús meiwurkers is Frysktalich. Dat twataligens heart by goede tsjinstferliening. Besikers hoege harren net te ferbrekken, sy kinne by ús likegoed mei it Frysk telâne as mei it Nederlânsk, net allinnich mûnling, mar ek skriftlik en telefoanysk en op ús twatalige webstek. De twadde eftergrûn fan ús taalbelied is dat wy de Fryske taal beskôgje as in belangryk part fan ús kulturele erfguod. Dat erfskip fertsjinnet it om te hoedzjen en te noedzjen; net as in museumstik mar as in ynstrumint foar de deistige omgong.
It Liwwadders
Yn Ljouwert wurdt ek in bysûnder Stedsfrysk dialekt praat, it Liwwadders. It nimt yn de stêd tusken it oerhearskjende Nederlânsk en it hieltyd breder akseptearre Frysk in hiel bysûndere posysje yn. It HSL koesteret ek dizze aparte tongslach en organisearret alle jierren ien as mear aktiviteiten yn of om it Ljouwertersk hinne.
Kneppelfreed
Yn 2001 waard troch it HSL yn oparbeidzjen mei it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum in webstek makke oer (de lêste) fyftich jier Fryske taalstriid. Dizze website wurdt ek beheard troch it HSL. Oanlieding wie de betinking fan fyftich jier Kneppelfreed.
