HjerstAktiviteiten yn teken jeugdkultuer jierren '60 en '70

Op it stuit is in tariedingskommisje dwaande om aktiviteiten te organisearjen dy't yn it teken stean sille fan 'e jeugdkultuer yn 'e twadde helte fan 'e jierren ’60 en 'e jierren ’70. Hjirta sil ek in útstalling ynrjochte wurde dy't in represintatyf byld jaan moat fan dizze sa lyk om let ek al wer lang ferfleine tiden. De organisaasje besiket dan ek sa folle mooglik byld- en/of lûdsmateriaal út dizze jierren te trasearjen. It soe moai wêze as jo jo materiaal tydlik ôfstean wolle soene oan it HSL. Ek kinne jo fia de wenstige kanalen(historischcentrum@leeuwarden.nl of til. 058-2332350) in ôfspraak meitsje. Kontaktpersoanen binne Klaas Zandberg of by syn ôfwezigens, Jelle Hoekstra.

 

 

Stedskuiers en rûndliedings yn july en aUgustus

Eltse sneintemiddei yn july en augustus kin men it Ljouwerter erfguod belibje troch it meitsjen fan in stedskuier of troch jo rûnliede te litten troch de fêste eksposysje yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL). Mei it arrânzjemint In sneintemiddei Ljouwert is in kombinearre besite te bringen oan it Pier Pander Museum en de Aldehou, foarôfgien troch in besyk oan ús fêste eksposysje It ferhaal fan Ljouwert. Dit arrânzjemint kostet  folwûchsenen 5 Euro. Bern oant 12 jier meie fergees mei. De besiken fine plak ûnder lieding fan in saakkundige gids. De aktiviteit set út ein om 14.00 oere yn it HSL oan 'e Grienewei. It is net nedich om jo fan tefoarren oan te melden, dochs it mei wol (sjoch til.nr. en emailadres hjirneist). Der kinne maksimaal 20 dielnimmers mei. 

 

 

iepENLofTEksPOSysjE 'DE LJIP FAN LJOUWERT'


It Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) presintearret tegearre mei Projekt Nij Saailân de iepenlofteksposysje De Ljip fan Ljouwert, Leeuwarden op de kaart gezet. Dizze  ekposysje is makke troch learlingen fan trittich groepen 5 en 6 fan basisskoallen yn 'e gemeente Ljouwert en sil yn july en augustus te sjen wêze op it sket om 'e bou fan Projekt Nij Saailân, lâns it Ruterskertier hinne. De iepening waard op 1 july ferrjochte troch learlingen fan de groepen 5 en 6 fan OBS Oud Oost lokaasje Menno van Coehoorn yn Ljouwert en fan OBS Uniaskoalle yn  Wirdum. Wethâlder Isabella Diks wie hjirby oanwêzich. Mear ... 

 

 De binnentún fan Hippo, sintrum foar de jongerein yn 'e Skoalstrjitte yn Ljouwert, begjin jierren '70.

 

  Ien fan de ferskate stedskuiers liedt lâns it skildereftige wetterke It Naau.

  Learlingen fan OBS Oldenije meitsje in eksposysjepaniel.
AGINDA