De Stedspoarten fan Ljouwert

troch Meindert Schroor


De stedsgrêft om de binnenstêd fan Ljouwert is foar it grutste part groeven tusken 1481 en 1494. Yn dyselde perioade waarden trije lânpoarten boud: de Wurdumer-, de Us Leaffrou- en de Hoeksterpoarte, en trije wetterpoarten: by de Hoeksterpoarte, de Leaffrouwetterpoarte of Skavernekspiip en de Túnster- of Flietsterpoarte. Earst yn 1631 kaam der ek in wetterpoarte by de Wurdumerpoarte.

Yn de Tachtichjierrige Oarloch mei Spanje krige de stêd nije festingwurken (1582-1623) mei sân dwingers (bastions) en twa ravelijnen (bastioneilannen). By de lânpoarten ferriisden bûtenpoarten of wachthuzen. Ljouwert rekke oan it begjin fan de njoggentjinde ieu de funksje fan festingstêd kwyt. Dêrnei begûn stadichoan it ûntmanteljen fan de ferdigeningswurken. De poarten waarden sloopt yn de jierren 1818-1841. De bolwurken oan de west- en noardkant koene werskepen wurde yn in grien kuiergebiet yn lânskiplike styl nei ûntwerp fan de ‘arsjitekt fan bûtenpleatsen’ Lucas Pieters Roodbaard.

Us Leaffrouwepoarte
De Wurdumer- of Sint Jabikspoarte
De Hoekster- of Sint Katarinapoarte
De Túinsterpoarte

Klik hjirboppe foar mear ynformaasje oangeande de ferskillende poartgebouwen



vrouwenpoort2.jpgUs Leaffroupoarte

De Frouwepoarte wie de wichtichste tagong ta de stêd foar ferkear út de rjochting Frjentsjer en Harns. De namme komt fan Marije, Us Leaffrou, patrones fan de tsjerke fan Nijehove. De âldste Frouwepoarte wie nei alle gedachten in houten konstruksje. De twadde poarte, boud yn de tiid dat de nije stedsgrêft groeven waard, wie út stien oplutsen en stie oan it westlik útein fan de Nijstêd. Dy ienfâldige poarte waard op syn beurt yn 1579 troch in nije ferfongen. Yn it begjin fan de santjinde ieu folge de bou fan in wachthûs en krige de poarte twa ranke en spitse tuorren. It ferdigeningswurk waard folslein makke yn 1620, doe’t it ravelijn foar de poarte fergrutte waard en dêr in bûtenpoarte op ferriisde.

De bûtenpoarte ferdwûn ek as earste, yn 1820, en de binnenpoarte waard yn 1837 ôfbrutsen. De Frouwepoartedwinger tusken de bûtenpoarte en it Skavernek waard dêrnei werskepen yn in kuierplak, de Westerplantaazje.


wirdumerpoort_1834.jpgDe Wurdumer- of Sint Jabikspoarte
De stedsútwreiding yn de fyftjinde ieu súdlik fan de Nijstêd en de oanlis fan in nije singelgrêft yn de jierren 1481-1494 makken de bou fan in nije stedstagong oan de súdkant needsaaklik. De âlde poarte stie noardliker, op de krusing fan it Naauw en de Sint Jabiksstrjitte, dêr’t de Sint Jabikspoarte syn namme ek oan ûntliende.

Yn 1494 ferriisde op de kop fan de Wurdumerdyk in nije Sint Jabikspoarte, meastentiids Wurdumerpoarte neamd. In heale ieu letter waard in fersterking needsaaklik achte en krige de poarte oan de lânkant twa arkeltuorren fan leafst 16½ meter hichte. By eintsjebeslút waard de poarte yn 1613 ûnder de stedswâl troch ferlinge oant in goed tweintich meter lange trochgong en kaam der in wenning foar de poartewachter yn. Op de noardeastlike hoeke fan it bastion dat foar de binnenpoarte lei, wie al yn 1597 in bûtenpoarte boud.

Yn 1822 waard de Wurdumerbûtenpoarte sljochte en fjouwer jier nei it ôfskaffen fan it poartejild wie yn 1835 de binnenpoarte oan bar. De Wurdumerdyk waard dêrnei dwers oer it âlde bastion yn in rjochte line ferbûn mei de nij boude Suder- of Wurdumerpoartebrêge.


hoeksterpoort.jpgDe Hoekster- of Sint Katarinapoarte
De Hoeksterpoarte foarme de eastlike tagong ta de stêd, foar ferkear út de rjochting fan Grins. It earste poartegebou kaam foar safier bekend yn 1484 ta stân, yn de tiid fan de oanlis fan de nije singelgrêft. De namme wie ûntliend oan it buorskip Hoek. De twadde nammejouwer fan it gebou wie de patrones fan de tsjerke fan Hoek, dy’t justjes súdliker stie oan de Foarstreek, de Hillige Katarina. Nêst de lânpoarte ferriisde fuortdalik in wetterpoarte, wêrtroch’t it rivierke de Ie (no Dokkumer Ie) de stêd ynstreamde.

De tagong wie yn ‘t earstoan in ienfâldige trochgong yn de stedswâl, mar yn de rin fan de sechtsjinde ieu krige de poarte troch ferbouwings in oar oansjen. Twa spitse tuorren makken it byld yn 1625 folslein. Nei de oanlis fan in ravelijn, de Hoeksterdwinger, kaam yn 1584 foar de âlde binnenpoarte in bûtenpoarte te stean. Dy waard yn 1783 ferfongen troch ien yn Doaryske styl.

Yn 1831 waarden de binnen- en bûtenpoarte krekt as de wetterpoarte mei de grûn lyk makke. In part fan de ravelijnsgrêft waard dimpt en oer de ôfgroeven Hoeksterdwinger waard in nije rykswei (Grinzerstrjitwei) oanlein. Op it ravelijn waard letter in gasfabryk boud en stiet no de parkeargaraazje Hoeksterend.


tuinsterpoort.jpgDe Túnsterpoarte
De Túnsterpoarte, in wetterpoarte, kaam ta stân yn 1496, inkele jierren nei it dien meitsjen fan de nije singelgrêft. It bouwurk foarme de skeakel tusken de grêft de Tunen en de bûtenbuert oan it Fliet, de wetterwei nei it easten.

It stedsbestjoer fan Ljouwert die der alles oan om it festigjen fan ambachts- en hannelslju by it Fliet lâns tsjin te gean en stimde earst yn 1656 yn mei de bou fan in lânpoarte mei in flapbrêge fan de stêd nei de bûtenbuert. Dêrta ferriisde nêst de mei twa flinke, út it wetter oplutsen tuorren útriste wetterpoarte in lytse stiennen poarte yn de foarm fan in smelle gong troch de brede stedswâl nei de brêge.

Op fersyk fan de ynwenners fan de Tunen en fanwege de ûnderhâldskosten besleat it stedsbestjoer yn 1818 om de Túnster lân- en wetterpoarte te slopen. De ôfbraak joech de earste oanset ta it ûntmanteljen fan de festingwurken.

Werom